Aanmelden nieuwsbrief
Ook van Stichting Lezen:
Wat docht Stichting Lezen?
Stichting Lezen stimulearret de nocht oan lęzen. Sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Stichting Lezen advisearret it ministearje fan OCenW oer it lęsbefoarderingsbelied yn Nederlân. Hja docht dat űnder oaren troch lęsbefoarderingsprojekten ynhâldlik en finansjeel te stypjen. Dęrnjonken stimt de stifting besteande aktiviteiten op it męd fan lsbefoardering opinoar ôf en begelaat se it űntwikkeljen fan nije metodiken. Boppedat nimt Stichting Lezen de foarstap ta űndersyk op it męd fan lęzen en stimulearret dat.
Gearwurking
Stichting Lezen bringt gearwurking ta stân tusken organisaasjes en ynstellings dy't harren mei lęsbefoardering dwaande hâlde. Sadwaande űntsteane netwurken op lokaal, regionaal en nasjonaal nivo. Stichting Lezen űnderhâldt net allinnich kontakten mei boekferkeapers, bibleteken en útjouwers, mar ek mei universiteiten, (non)profitorganisaasjes, űnderwiisynstellings en omroppen. Hja wurket ek gear mei provinsjes en gemeentlike oerheden.
Projektbelied
Sűnt 1994 advisearret Stichting Lezen de minister fan OCenW oer hoe't it lęzen yn Nederlân stimulearre wurde kin. Dat bart troch advys út te bringen oer it besteegjen fan it ryksbudzjet foar lęsbefoardering. Boppedat stipet Stichting Lezen lytsere projekten út it eigen Fonds Leesbevordering wei.
Ynformaasjesintrum
Stichting Lezen docht tagelyk tsjinst as lanlik ynformaasjesintrum. Wa't spesifike fragen oer lęsbefoardering hat, kin ferwiisd wurde nei beskikbere literatuer of de goede ynstânsjes. Dęrnjonken organisearret Stichting Lezen kampanjes om it lęzen űnder de oandacht fan in breed publyk te bringen.
Oer Stichting Stichting: belied, algemien
Kânsen
Lęsbefoardering freget in trochtochte strategy, rjochte op skoalle en gesin en in goede gearwurking tusken beide. Bern en jongerein, harren âlden en opfieders, moatte benammen berikt wurde fia strukturele maatregels. Nije lęsmetodiken en lęspromoasje mei kampanjes dęr't de massamedia by ynskeakele wurde, spylje dęrby in grutte rol.
Bedrigings
Guon űntwikkelings foarmje in bedriging foar it lęzen. As foarm fan frijetiidsbesteging komt lęzen yn 'e knipe troch de tiid dy't oan bygelyks tillevyzjesjen en sport bestege wurdt. Yn in protte gesinnen sjogge âlden it nut fan lęzen net. De lęsomjouwing op skoalle wurdt ek bedrige. Foarlęzen, frij lęzen en begripend lęzen krije te min omtinken.
Beleidsplan 2005
It nije beliedsplan fan Stichting Lezen, kin dan besteld wurde by Stichting Lezen, Mirjam Lindveld, e-mail: info@lezen.nl. Fan mids jannewaris ôf kin it ek yn 'e ferkoarte ferzje ynsjoen wurde op dizze site.
Oer Stichting Lezen: projektbelied
Stichting Lezen organisearret, stimulearret en nimt de foarstap ta projekten om de nocht oan lęzen te fergrutsjen. Dy projekten wurde subsidiearre út it ryksbudzjet foar lęsbefoardering en út it Fonds Leesbevordering wei. By de kar fan de projekten dy't stipe wurde, hantearret Stichting Lezen in tal kritearia.
Subsydzjekritearia
Yn it foarste plak moat in projekt lęsbefoarderjend węze. Dęrnjonken is it wichtich foar takenning fan subsydzje dat ferskillende ynstellings yn it projekt gearwurkje moatte. Dat jout mear garânsje foar kontinuiteit en ferheget it effekt. Dęrnjonken moat in projekt lanlik organisearre wurde of yn it hiele lân útfierd wurde kinne. Wannear't in projekt net lanlik organisearre wurdt, moat it oerdraachber węze. De kritearia foar in oanfraach út it ryksbudzjet en it Fonds Leesbevordering binne fęstlein yn de subsydzjerjochtlinen.
Ynhâldlike stipe
Njonken finansjele stipe út it ryksbudzjet of it Fonds Leesbevordering jout Stichting Lezen ek ynhâldlike stipe oan projekten. Hja soarget űnder mear foar útwikseling fan projektűnderfining en jout in oersjoch fan projekten. Wannear't in projektútstel oanslút op in al űntwikkele idee, ferwiist Stichting Lezen troch nei de oanbelangjende ynstânsjes.
Projektfoarbylden
Understeande seleksje jout in byld fan it soarte fan projekten dat troch Stichting Lezen stipe wurdt. Dy projekten stimulearje:
* bettere kânsen foar bern fan 0 oant 6 jier út miljeus mei in leech űntwikkele lęskultuer;
* ynformeel lęzen op de basisskoallen, dęrűnderit stillęzen en it foarlęzen;
* poëzij űnder bern en jongerein, it oantreklik meitsjen fan literatuer foar learlingen út it fuortset űnderwiis;
* in goede skoallebibleteek en it boekebesit thús;
* lęsbefoarderjende programma's op radio en tillevyzje.
Oer Stichting Lezen: de organisaasje
Stichting Lezen hat in stiftingsbestjoer, dęr't űnderwiis, kultuer, wittenskippen, oerheid, bedriuwslibben en media yn fertsjintwurdige binne.
It bestjoer stelt it algemiene belied fest. It lit him dęrby advisearje troch de advysried, dęr't de partisipanten fan Stichting Lezen in sit yn hawwe. It buro fan Stichting Lezen docht tsjinst as lanlik ynformaasjesintrum, riedt advisearring ta en fiert it belied Ăşt
It bestjoer
De partisipanten
Nederlandse Boekverkopersbond (NBb)
Nederlands Uitgeversverbond (NUV)
Vereniging van Openbare Bibliotheken (Vereniging)
ECI B.V.
It buro
Aad Meinderts
funksje: direkteur
E ameinderts@lezen.nl
Christiaan van Willenswaard
funksje: senior projektleider fuortset űnderwiis (vmbo) en volwassenen
E cvanwillenswaard@lezen.nl
Mirjam Lindveld
funksje: sekretaresse
E mlindveld@lezen.nl
Hans Rigter
funksje: finansjeel administrateur
E hrigter@lezen.nl
Mirjam van Vliet
funksje: projectleider űndersyk
E mvanvliet@lezen.nl
Daan Beeke
funksje: projectleider fuortset űnderwiis (havo/vwo)
E dbeeke@lezen.nl
Agnes van Montfoort
funksje: projectleider primair onderwijs
E avanmontfoort@lezen.nl
Marijke Bos
funksje: projectleider vvp
Platform Voorlezen
E mbos@lezen.nl
Desirée van der Zander
funksje: communicatie & pr
E dvanderzander@lezen.nl
Tike de Boer
funksje: projectadministratie, webmaster
E tdeboer@lezen.nl
Om it grutte tal projekten en kampanjes fan Stichting Lezen út te fieren makket de stifting gebrűk fan freelancers en útfierende organisaasjes.
Aanmelden tijdschrift!